Op in bysûnder oangename manier beskriuwt Sake Banga syn libbensferhaal yn dit boek. Berne yn Ternaard oan it Skoar yn 1923, fertelt Sake oer dy tiid hoe’t syn âlders libben, de kost fertsjinnen en de gewoantes dy’t doe gebrûklik wienen. Syn bernejierren en as trettjinjierrige as jongfeint by de boer oan’t wurk. Sa nimt er ús mei nei it âlde doarpslibben fan Ternaard. It doarp, strjitte foar strjitte beskriuwend, lit er ús yn ’e kunde komme mei de minsken, de boeren, gernierkes, arbeiders, ûndernimmers en ûnder oare de keaplju fan dy tiid. Boeiende gebeurtenissen en feroaringen fan doe en de ûnderfiningen yn de oarlochsjierren komme oan bar.De tiid doe’t er as molkrider troch de Dongeradielen gie, wurdt beskreaun fanôf 1919 doe’t syn heit der al mei begûn wie. Molkride mei hynder en wein en letter mei de earste T-Ford. Fanôf Wierum en ’t Skoar by de boeren lâns nei de Reidswâl en letter Moarre-Ljussens (foto hiernaast met Chevrolet van 1949 bij de melkfabriek). En hoe’t it om-en-ta gie op it molkfabryk.Om’t er in protte gedoente hie mei de boeren út de Dongeradielen wit Sake sekuer te fertellen hoe’t it er by de boeren om ta gie. De syklus fan de seizoenen as it lânbewurkjen, siedzje, it rispje en it winterwurk. It omgean mei hynders yn dy tiid en it belang dêrfan komme prachtich moai nei boppe. Troch it wiidweidich omskriuwen fan it swiere hânwurk en it karakterstike wurk en har fruchten op it boerebedriuw, mar ek de feroaringen, mei de earste masines, dy’t der oankamen yn de lânbou, soarget derfoar dat dit in unyk boekwurk wurden is oer it libben en bestean yn ’e Dongeradielen oant de fyftiger jierren ta fan de foarige ieu. Te koop bij uitgeverij Banda in Kollum.
ISBN-10: 90-78050-06-3
ISBN-13: 978-90-78050-06-3
Prijs: € 10,00 (+ € 3,50 verzendkosten)
ISBN-10: 90-78050-06-3
ISBN-13: 978-90-78050-06-3
Prijs: € 10,00 (+ € 3,50 verzendkosten)
Voor meer boeken over historie en genealogie in Noordoost Friesland, zie de Boekenrubriek op de Sneuper site.
Specifiek voor Ternaard zijn de boeken van onze leden Keimpe Veldhuis, In Ald Ternaarder Kapper Fertelt, Memoires van J. A Veldhuis (1912-91), en Eimert Smits over de Visbuurt onder Ternaard.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten