zaterdag 23 juni 2018

Boek over abt Frederik van Hallum in it Frysk

De Vitae fan Freark fan Hallum- troch Klaas Bruinsma
Hallum, Freed 6 july is de presintaasje fan it boek Freark fan Hallum, oarspronklik yn it Latyn skreaun troch kanunnik Sibrandus Leo (1528-1583) en no streekrjocht fan it Latyn oersetten yn it Frysk troch Klaas Bruinsma (1931).

It boek beskriuwt it libben fan earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175.
Yn 1575 hat Sibrandus Leo fan it Promonstratenzer-kleaster (orde fan Prémontré) fan Mariëndal te Lidlum by Tsjummearum yn de Vitae Fretherici it libben fan Freark beskreaun. Dit is as in wûnder bewarre bleaun by de reformaasje fan 1580.
Klaas Bruinsma hat mear as 30 titels oersetten út ferskate talen sa as it Gryksks, Latyn, Midflaamsk, Spaansk, mar ek Midnederlânsk nei it Frysk. Under oare de trije trageedzjes fan Sofoklês: Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos, wêrmei hy yn 1993 de Obe Postmapriis wûn.
Yn 2007 ûntfong Bruinsma de Sulveren Anjer fan it lanlik Prins Bernardfonds.

Utjouwerij DeRyp fan de Gerben Rypma Stifting út Blauhús is troch Klaas Bruinsma frege
Freark fan Hallum yn boekfoarm út te jaan en de  presintaasje yn Hallum plakfine te litten.

Elkenien is freed 6 july 15.00 oere wolkom yn de Sint Maartentsjerke fan Hallum.

Bruinsma sil sels oan it wurd, der is myzyk en in koarte lêzing oer de betsjutting fan Freark foar Hallum.

N.B. Friese heiligen Siardus en Frederik worden nog steeds vereerd in Vlaanderen!

Geen opmerkingen: