vrijdag 18 september 2015

Obe Postma Selskip nodigt uit voor presentatie boek It deistich bestean by âlds

Namens het Obe Postma Selskip nodigt uitgever Louw Dijkstra van Wijdemeer belangstellenden uit voor de presentatie van het boek It deistich bestean by âlds, de historische opstellen van Obe Postma.

Het is een rijk bronnenboek van het dagelijkse leven in Friesland en bevat een uitgebreid register op plaatsnamen, zodat het een ideaal boek is voor lokale historici.
Tijdens de presentatie zal een drietal historici dan ook verslag doen van hun activiteiten op dat gebied, Pieter Nieuwland, Jehannes van Dijk en Hans Zijlstra van de Historische Vereniging Noordoost Friesland.

De presentatie vindt plaats op vrijdag 2 oktober in het Landbouwmuseum in Earnewâld, aanvang 13.45 uur.

Lykas jo mooglik witte, waard yn 2006 it Obe Postma Selskip yn Postma’s bertedoarp Koarnwert oprjochte. It hat sa’n 125 leden en wurdt alhiel troch frijwilligers dreaun. It Selskip wol in foarum wêze foar wittenskippers en leafhawwers fan it wurk fan Postma. Dêrta is in webstee makke (www.obepostma.nl), in twa kear jiers ferskinend tydskrift oprjochte (Wjerklank), waarden reiskes by plakken lâns organisearre dêr’t wurk fan Postma spilet, waard ek  in komposysjepriisfraach útskreaun foar muzyk op gedichten fan Postma en waarden in tal stúdzjedagen oer in tema holden dat it wurk fan Postma yn breder ramt set en boeken mei wurk oer of fan Postma publisearre. Yn de saneamde Obe Postma Rige binne al alve publkaasjes om Obe Postma hinne ferskynd.
Ynkoarten ferskynt nûmer 12. It hat de titel: Obe Postma, It deistich bestean by âlds. Samle histoaryske opstellen II. Utjûn troch Philippus Breuker (Utjouwerij Wijdemeer ISBN 978 949 2052 124)

It deistich bestean by âlds is it twadde en tagelyk lêste diel mei stúdzjes op histoarysk gebiet fan Obe Postma. Syn fersprate histoarysk wurk is dêrmei maklik tagonklik makke. De earste bondel mei histoaryske stúdzjes wie Veld, huis en bedrijf. Landbouwhistorische opstellen (2010). It karakter fan It deistich bestean by âlds is lykwols hiel oars as fan dat boek. Dat befettet meast stúdzjes fan de earste jierren, dit fan de lettere tiid; de grins leit om 1935 hinne.

Dit boek giet meast oer de santjinde en achttjinde iuw en jout in bûnt ferskaat fan ûnbekende feiten oer it deistich bestean fan boeren en boargers, ek út de stêd. Ekonomy en bestjoer krije rom omtinken. Sa't Veld, huis en bedrijf in boek is foar de wittenskipper, is dit boek mear foar de ynteressearre leek. Dêrmei wjerspegelje se twa kanten fan Postma, dy’t yn de tiid by him op elkoar folgen. Tegearre meitsje se it byld kompleet fan de man dy’t neist de dichter ek de gelearde fan it Fryske lân en libben wie.

Op freed 2 oktober wurdt it earste eksimplaar fan dit boek troch dhr. Breuker oanbean. Dêrnei sille trije sprekkers yn sa’n tweintich minuten elts in yndruk jaan fan wat sy op it mêd fan de lokale skiednis út’e wei  sette. As lêste komt Breuker nochris oan it wurd en sil hy yngean op opset en ynhâld fan it boek. Nei ôfrin mooglikheid it museum te besjen en resepsje, oanbean troch it Obe Postma Selskip. Plak : Lânboumuseum, Earnewâld. Tiid : 13.45 – 17.00 oere.

Wy noadigje jo fan herten út foar dizze feestlike gearkomste. Opjaan by de skriuwer fan it Obe Postma Selskip, Jan Gulmans, E-mail : jan@gulmans.com

Programma:
(1)    13.30 oere: ynrin mei kofje/tee.
(2)    13.45 oant 13.55 oere: iepeningswurd troch George Huitema, foarsitter Obe Postma Selskip.
(3)    13.55 oere: oanbieding troch Philippus Breuker fan it earste eksimplaar fan it boek It deistich bestean by âlds oan Jehannes van Dijk, Ferwert (auteur fan tal fan publikaasjes oer Ferwert en Ferwerteradiel).
(4)    14.00 oant 14.15 oere: taspraak troch Jehannes van Dijk oer syn aktiviteiten en publikaasjes op it mêd fan de lokale skiednis fan noardeast Fryslân.
(5)    14.15 oant 14.45 oere: taspraak  troch Hans Zijlstra oer De Sneuper (De Sneuper, it blêd fan de lokaal-histoarisi út Dokkum/noardeast Fryslân).
(6)    14.45 oant 15.05 oere: taspraak troch Piet Nieuwland, Hurdegaryp, oer de skiednis fan Tytsjerksteradiel.
(7)    15.05 oant 15.25 oere: Philippus Breuker giet yn op opset en ynhâld fan it boek It deistich bestean by âlds.
(8)    15.25 oant 15.30 oere: ôfsluting troch George Huitema, foarsitter Obe Postma Selskip.
(9)    15.30 oant 16.00 oere: skoft, dêrnei museumbesyk resp. resepsje.
 

Geen opmerkingen: